Aaipop is sûnt 1987 it poadium foar Frysktalige muzyk. Alle jierren op Peaskemoandei feroaret Nijlân yn it kloppend hert fan de Fryske muzyk. Mei ferskate poadia – fan yntime lústermuzyk oant rauwe rock en alles der tuskenyn – ûntdekst hjir it bêste dat Fryslân te bieden hat.
Wat yn Skiednis begûn as in lyts inisjatyf, is útgroeid ta it grutste Frysktalige muzykfestival. Dêr stiet in entûsjast Bestjoer efter dat alle jierren in bysûndere edysje mooglik makket.
By Aaipop hawwe wy ek omtinken foar Duorsumens – fan enerzjy en ferfier oant it skieden fan ôffal.
En sûnder ús trouwe Stipers soe it festival net bestean kinne.
Moandei 6 april 2026 fan 13:30 oere ôf
Aaipop is it grutste Frysktalige muzykfestival dat alle jierren op Peaskemoande yn Nijlân hâlden wurdt. Wy ûntfange elts jier tûzenen besikers, fan trouwe fans oant minsken dy’t foar it earst yn ’e kunde komme mei de Fryske muzyk- en kultuersêne.
Op it terrein binne ferskate bars, cateringpunten en fersoargingsfoarsjennings oanwêzich. Us frijwilligers en teamleden steane klear om alle besikers in moaie, feilige en gesellige festivaldei te bieden.
Hawwe jo fragen? Nim dan graach kontakt mei ús op via ynfo@aaipop.frl
🚲 Fyts – neist it terrein is rom plak foar dyn stalen ros, oant de lêste band útspilet.
🚕 Taksi – ride op en ôf; meitsje it leafst foarôf in ôfspraak oer dyn weromreis.
🚗 Auto – parkearje kin yn it lân tsjinoer it terrein.
🚌 Bus – check reisinfo op 9292ov.nl.
Stifting Aaipop
P/a Hottingawei 29
8771 SR Nijlân
Wy binne tige bliid mei alle media-oandacht en fine it moai dat parse en ferslachjouwers ús evenemint folgje wolle. Om alles goed en feilich ferrinne te litten, freegje wy media har foarôf oan te melden fia ynfo@aaipop.frl.
Op it terrein is cameratcicht foar de feiligens fan ús besikers.
Midden jierren ’80 organisearre Stichting Earizer mei kroechbaas Remmelt Boonstra regelmjittich live-optredens yn it muzykkafee fan Nijlân. It sloech oan by de jeugd, en al gau ûntstie it idee om grutter út te pakken.
Yn 1987 waard dêrom op Peaskemoandei in popfestival mei allinnich Frysktalige bands opset: Aaipop. De kafee-ynrjochting waard omboud ta it Rockhok en de boppeseal ta Harksankjeseal. Sa’n trijehûndert besikers kamen op de earste edysje ôf.
Opfallend wie de rol fan Reboelje, dy’t as skoft-akt ynroppen wie mar fuort yn de krante stie – mei wite maskers op. Mei acts as Spul en Okke Hel (mei Piter Wilkens) waard de basis lein foar in tradysje: it grutste Frysktalige popfestival fan de wrâld.
Hasto wat mei Fryske muzyk en liket it dy wat ta om mei te wurkjen oan in festival dat hiel Fryslân al mear as tritich jier yn beweging bringt? Dan hearre wy graach fan dy!
By Aaipop binne wy altyd op syk nei nije minsken dy’t mei har entûsjasme, ideeën en enerzjy it bestjoer fersterkje wolle. Oftst no ûnderfining hast mei organisaasje, kommunikaasje, sponsorwurk of gewoan in grut hert foar muzyk: dyn bydrage makket it ferskil.
Hast sin om mei te bouwen oan it grutste Frysktalige muzykfestival fan de wrâld?
Stjoer in berjocht nei ynfo@aaipop.frl en wa wit bist ynkoarten part fan ús bestjoer!

Tsjeard-Andries Weersma
Man fan it opbouwen

Lars Breeuwsma
Foarsitter

Tabitha Eppinga
De faam dy’t op de sinten let. It slot op de finansjele doar. Alles wat jim sjogge is goedkart troch har, alles wat der net is mocht dus net.

Gosse-Pieter de Vries
De nijste oanwinst fan it bestjoer, Gosse-Pieter de Vries, is gjin ûnbekende. As bandlid fan NNB hat hy al meardere kearen op it poadium fan Aaipop stien. Om’t hy dêrmei in protte kunde yn’e muzykwrâld opdien hat, hawwe wy him op’e funksje ‘Muzykman’ setten. Yn 2022 noch as staazjerinner mei Pieter de Boer, fanôf 2023 solo.

Afke Boonstra
Afke is al sûnt jier en dei belutsen by Aaipop. As dochter fan ús grûnlizzer Remmelt koe se al betiid yn ‘ e keuken meisjen. Se die al jierren it oanstjoeren fan de ûnmisbere frijwilligers fan Aaipop. Bûten dat is se ek ús skriuwer.
Wat dogge wy:
Gebrûk fan duorsume enerzjy, of it miljeufreonlikste alternatyf
Fytsestalling tsjin lytse fergoeding
Ofskieden ôffalbakken op it terrein
Stânplak foar taksys
Nei Aaipop mjitte wy enerzjyferbrûk en ôffal foar ferbettering
Wat ferwachtsje wy fan dy:
Kom leafst rinnend of op ’e fyts
Skieid dyn ôffal yn de juste bak

